Taunusberchte

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Karte Taunus Deutschland.png
Taunus

It Taunusberchte is in middelberchte yn de Dútske dielsteat Hessen, dat ta it Rynlânsk Leistienplato hearret. It berchte riket ta de Ryn yn it westen, de Wetterau yn it easten (as part fan de Hessyske Slenk), in útrin fan de Boppe-Rynslenk, de rivier de Lahn yn it noarden en de rivier de Main yn it súden. It heechste punt fan it berchte is de Großer Feldberg mei 881 meter. De westlike foartsetting fan it berchte is de Hunsrück.

De Taunus leit bestjoerlik yn de neikommende distrikten: Hochtaunuskreis, Limburg-Weilburg, Lahn-Dill-Kreis, Main-Taunus-Kreis, Rheingau-Taunus-Kreis en it Rhein-Lahn-Kreis.

Yn it sintrum leit it Natuerpark Hochtaunus.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings