Elbow (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De delling fan de Elbow
De Elbow streamt ûnder mear troch de stêd Kelgery

De Elbow is in rivier dy't troch de Kanadeeske provinsje Alberta streamt. Hy ûntspringt yn de Rocky Mountains op 2.120 meter hichte oan it Elbow Lake yn it gebiet Kananaskis en streamt dêrnei ûnder mear fia de Elbow Falls nei Calgary dêr't er yn de Bow útrint.

De Elbow is sawat 120 km lang en hat in ferfal fan sa'n 1.060 meter. Yn it westen fan Calgary is de Elbow ôfdamme en foarmet er de keunstmatige mar Glenmore Reservoir, dat in wichtige boarne fan drinkwetter is foar de stêd. By de mûning fan de Elbow yn The Bow leit it Fort Calgary, it yn 1875 boude fort (oarspronlik Fort Brisebois) dêr't Calgary út ûntstien is.