Edith fan Tamworth

Ut Wikipedy

De Hillige Edith fan Tamworth, wie in Ingelsk geastlike út mids 10e iuw.

Edith wie de âldste dochter út it earste houlik fan kening Eduard de Aldere en fan Egwena. Sy wie de suster fan Athelstan fan Ingelân. Yn 926 houlike Athelstan syn suster Edith út oan Sigtric Caech, de Deenske kening fan York, dy't ôfhinklik fan de Ingelske kroan wie. Sigtric stoar al yn it jier dêrop en Edith waard non yn Polesworth. Sy stoar yn it kleaster dat hja yn Tamworth stifte hiehad. Edith wie ek in healsuster fan de keningen Edmund en Edred en fan de HH. Edburga fan Winchester en Elfleda fan Romsey. Ien fan har oare healsuster boaske oan Otto I fan it Hillige Roomske Ryk en wer in oar waard keninginne fan Frankryk, as wiif fan Karel de Ienfâldige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Agnes Dunbar - A Dictionary of Saintly Women, (1904)