Eddy Christiani Award

Ut Wikipedy

De Eddy Christiani Award wie in gitaristepriis dy 't alle jierren yn Vlissingen útrikt waard oan in gitarist dy 't (ynter)nasjonaal syn spoaren fertsjinne hat. De priis is in ûntwerp fan de byldzjend keunstners Bentall en Bommeljé. [1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 besleat it provinsjale popplatfoarm Poppunt Zeeland, op inisjatyf fan de doetiidske konsulint popmuzyk Cor de Jonge, in priis yn it libben te roppen, ferneamd nei de legindaryske sjonger en gitarist Eddy Christiani. De priis waard alle jierren takend oan in (ynter)nasjonaal bekend gitarist dy 't krekt as Christiani in ynspirearjende bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk. Eddy Christiani wie yn 1939 de alderearste gitarist yn Europa mei in elektryske gitaar.

Oant en mei 2010 rikte Christiani sels de priis út. Steve Lukather dy 't yn 2010 foar de priis spesjaal oerfleach út Los Angeles joech de priis in ynternasjonale útstrieling. Yn 2011 koe de 93 - jierrige nammejouwer foar it earst net komme. Dat jier waard de priis útrikt troch Ad Vandenberg. Yn 2012 stie de priisútrikking ûnder lieding fan Leo Blokhuis. [2]

Yn maaie 2013 waard de organisaasje fan de gitaarpriis oernaam troch in lanlike stichting en gie fierder ûnder de namme European Electric Guitar Award. [3]

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eddy Christiani Award[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priiswinner gitarist yn band (fan)
2006 Leendert Haaksma sjongster Anouk Teeuwe
2007 Dany Lademacher Herman Brood and his Wild Romance
2008 Ad Vandenberg Vandenberg · Whitesnake
2009 Jan Akkerman Focus · Johnny and his Cellar Rockers · The Hunters · Brainbox
2010 Steve Lukather Toto
2011 Brian May Queen
2012 George Kooymans Golden Earring

Sena Performers European Guitar Award[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier priiswinner gitarist yn band (fan)
2014 Slash Guns 'n' Roses en Velvet Revolver
2015 Walter Trout John Mayall's Bluesbreakers en Walter Trout and The Radicals
2016 Steve Vai Whitesnake en Alcatrazz
2017 Joe Bonamassa
2018 Joe Satriani Chickenfoot
2019 John Petrucci Dream Theater

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: