Eastertsjerke (Snits)

Ut Wikipedy
De Eastertsjerke, fan de Swettekaai ôf (2011)

De Eastertsjerke is in Weropbou tsjerke yn de Beammebuert fan Snits. It gebou wurdt brûkt troch de PKN-gemeente Snits.

De tsjerke stiet oan de Ljouwerterkaai en is yn 1954 boud nei ûntwerp fan B.W. Plooij. Yn 2010 hat de tsjerke in renovaasje ûndergien. Under mear de net-monumintale preekstoel en de âlderlingenbanken ferdwûne om romte te meitsjen foar in moderner meublement. Ek it porteal is útwreide.

It oargel is yn 1964 boud door de firma K.B. Blank & Soan (Utert). Yn 1998 waard dy útwreide troch de firma Bruorren Reil (Heerde).