Springe nei ynhâld

Durk I

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Durk I fan Hollân)
Durk I fan Hollân
Durk fan Kinmerlân
Libben
berne?
ferstoarn? - sa. 923
heitRadboud fan Fryslân - ?
mem?
houlik
datum?
partnerGerberga fan Hamalân
bern1 - Durk II
Greve fan Hollân
perioade882 of 883 - sa. 923
foargongerGerolf
opfolgerDurk II
Hús Hollân

Durk I (ek wol Diderik neamd; sa. 875 - 923 of 939) wie in Fryske greve út de earste helte fan de 10e iuw.

Durk bestjoerde nei de dea fan syn heit Gerolf it goa greefskip Kinmerlân en it gebiet oan de mûning fan de Ryn yn Hollân.

Fan greve Durk is allinnich bekend dat er syn macht fierder útwreide hat yn Hollân. Yn 922 krige er fan de Frânske kening Karel de Ienfâldige nije besittingen tawiisd by Egmond, dêr't er letter in abdij stiften hat, de Abdij fan Egmond.

Betiizjende boarnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kin wêze dat der ferskillende greven west ha mei de namme Durk en dat dizze nammen dan gearfoege binne ta Durk I. Dit is goed mooglik, omdat yn dy tiid noait oer in Durk de safolste praat waard, mar gewoan oer greve Durk. De skiednis fan de earste greve fan Hollân is net earder as 1290 foar it earst troch Melis Stoke opskreaun. De skriuwer brûkte teksten dy’t troch muontsen fan de Abdij fan Egmond kamen. Omdat de muontsen pas ûnder it regear fan Durk II de nonnen ferfongen moat men derfan út gean dat de ynformaasje op dizze (no fergiene) dokuminten, troch oerlevering ûntstien is.

Neffens in Akte datearre op 922/ 923 soe Durk I nei in regearperioade fan 40 jier ferstoarn wêze. Dat soe betsjutte dat hy Gerlof yn 882 opfolge hawwe soe. It stiet lykwols fêst dat Gerolf yn 889 noch in goed yn eigendom krige. Gerolf is wierskynlik pas yn 895 of 896 ferstoarn.

Durk I bis (rûn 89? - 939)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fêst stiet dat Durk II yn 988 ferstoarn is. As Durk II syn heit al yn 923 opfolge, dan soe dat betsjutte dat hy net minder as 65 jier oan it regear stien hat. Dat is net sa wierskynlik. Derom gean histoarisy der fan út dat der noch in Durk west hat mei de namme Durk I bis. Der is gjin boarne fan dizze Durk dy’t dit befestigje kin.

Durk I bis soe troud wêze mei Gerberga fan Hamalant. Mooglik wie hy yn 939 belutsen by de Loataringske Opstân tsjin de Dútske kening Otto I. Hy soe dan by dizze opstân yn de slach by Andernach begjin oktober 939 sneuvele wêze moatte.

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112