Donna Tartt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Donna Tartt (Greenwood (Mississippy), 23 desimber 1963) is in Amerikaanske skriuwster.

Tartt studearre tagelyk mei auteur Brett Easton Ellis klassike talen en filosofy oan Bennington Kolleezje yn Vermont. Yn 1992 debutearre hja mei de roman ze met de roman "The Secret History" ("De Ferhoalen Skiednis"), oer 6 studinten klassike talen, dy't sykte nei de ferfoering sa't dy troch Euripides beskrean waard yn syn toanielstik 'Bakchai'. Hjiryn wurdt ferskate kearen ferwiisd nei de berûzing dy't de maenaden, de froulike folgelingen fan Dionysos, berikke en weryn't sy bisten ferskuorre, geslachtsferkear hawwe en soks sawat, yn in geastlike tastân fan útsinnigens. Wilens harren syktocht giet er it ien en oar net goed. Dit boek smiet foar Tartt in protte priisgjende kritiken op, dat de ferwachtings foar har twadde boek wiene grut. Dit ferskynde yn 2002, "The Little Friend" ("De Lytse Freon"). Yn 2004 ferskynde in koart ferhaal, "Sleepytown: A Southern Gothic Childhood, with Codeine" (Nederlânske titel:Het Land Van De Papaver).

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Romans[bewurkje seksje | edit source]

  • The Secret History - (De Ferhoalen Skiednis) De Bezige Bij, 1992
  • The Little Friend - (De Lytse Freon) De Bezige Bij, 2002
  • The Goldfinch - (It Puttertke) De Bezige Bij, 2013

Koarte ferhalen[bewurkje seksje | edit source]

  • “A Christmas Pageant.” Harper’s 287.1723. december 1993, s. 45+.
  • “A Garter Snake.” GQ 65.5, mei 1995, s. 89+.

Nonfiksje[bewurkje seksje | edit source]

  • “Het Land Van De Papaver” De Bezige Bij, 2004
  • “Basketball Season.” The Best American Sports Writing, Houghton Mifflin, 1993.
  • “Team Spirit: Memories of Being a Freshman Cheerleader for the Basketball Team.” Harper’s 288, april 1994, s. 37-40.

Audio[bewurkje seksje | edit source]

Tartt hat in stikmannich harkboeken opnaam:

  • The Secret History
  • The Little Friend (ynkoarte)
  • True Grit (mei in neiwurd oer har leafde foar de roman)
  • Winesburg, Ohio (karút)

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

  • 2003 WH Smith Literary Award (The Little Friend)
  • Op de koarte list foar de Orange Prize for Fiction 2003, (The Little Friend)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]