Dominant

Ut Wikipedy
Dominant op in 5x5-boerd. De horizontale spiler ('H' of 'Rjochts') docht de earste set en ferliest in de 13e omloop.
Krúsdominant: Yn de gewoane ferzje wint de 'griene' spiler.

Dominant yn it Ingelsk ek Domineering, Stop-Gate of Crosscram neamd, is in wiskundich papier-en-potleadspultsje foar twa spilers.

It spultsje kin spile wurde op rútsjespapier, as boerdspul of op in ûndergrûn fan fjouwerkanten lykas op in skaakboerd. It spylfjild kin bygelyks in fjouwerkant fan 6 × 6 wêze, mar likegoed in rjochthoeke of in ûnregelmjittige foarm.

Dominant waard yntrodusearre troch Goran Andersson yn 1974 ûnder de namme Crosscram, mar waard letter bekend ûnder de namme Dominant troch it brûken fan dominystiennen. [1]

Spulrigels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doel fan it spul is om alle fekjes fan in reaster mei dominystiennen te bedekken.

In dominystien hat de grutte fan twa fjouwerkante fekjes/hokjes. De twa spilers lizze om bar in stien oant ien fan beide gjin stiennen mear dellizze kin. Spiler A begjint en leit syn dominystiennen ‘fertikaal’op it fjild, wylst spiler B syn dominystiennen yn 'horizontale' rjochting leit. De earste spiler dy’t gjin dominystien op it boerd lizze kin hat ferlern – der kin gjin lykspul wêze. It fekjesfjild kin sa grut wurde as de spilers sels kieze, in spultje op in 6x6 fjild duorret ûngefear tsien minuten.[2] It spultsje kin ek mei dominystienen op in skeakboerd spile wurde mar der besteane ek digitale ferzjes. [3]

Krúsdominant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In fariant fan Dominant is Krúsdominant.

It ienige ferskil yn de spulrigels mei Dominant is dat spilers harren dominystiennen yn beide rjochtings dellizze meie. It spul feroaret dêrtroch tige. Krúsdominant wurdt yn it Ingelsk cram (prop), plugg en dots-and-pairs neamd. Krúsdominant (Cram) waard popularisearre troch Martin Gardner (1914-2010) yn Scientific American.

Twa spilers lizze ek by Krúsdominant om bar ien dominystien op it fjild fan fjouwerkanten. Der kinne twa manieren ôfpraten wurde wa’t de winner is: yn it normale spul ferliest de earste spiler dy’t net sette kin, mar yn de misêre-ferzje wint krekt de spiler dy’t net mear in stien dellizze kin. [4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Strategy Games-1: An Introduction to Domineering
  2. Domineering: Comments on a Game of No Chance
  3. www.kent.ac.uk
  4. oer Cram