Diderik fan Assenede
Appearance
Diderik fan Assenede | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Diederik | |
nasjonaliteit | Flaamsk | |
berne | ±1230 | |
berteplak | Assenede (Flaanderen) | |
stoarn | 1293 | |
stjerplak | ? (Flaanderen) | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Midnederlânsk | |
sjenre | leafdesroman, poëzij | |
perioade | Midsiuwen | |
bekendste wurk(en) |
Floaris en Blankefloar | |
jierren aktyf | 1260 – 1293 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Diderik fan Assenede (Assenede, ±1230 - 1293) wie klerk fan de greve fan Flaanderen fan 1260 oant 1280.
As klerk skreau er ek literatuer. Guon saakkundigen wolle hawwe dat er in wichtige rol hân hat yn de emansipaasje fan de Nederlânske literatuer oan it Flaamske hof, omdat er nei't er sels sei skreau foar dejingen die geen walsch en konnen (dy't gjin Frânsk machtich wienen). Sadwaande sljochte er it paad foar de earste folkstalige literatuer yn it greefskip Flaanderen dêr't it Frânsk fiertaal wie, meidat it in lienhearlikheid fan Frankryk wie.
Klaas Bruinsma hat Floaris en Blankefloar fan Diderik fan Assenede yn it Frysk oerset (2009).