Denzel Washington

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Denzel Washington

Denzel Jermaine Washington, Jr. (Mount Vernon New York, 28 desimber 1954) is in Amerikaansk akteur.

Hy studearre nei de middelbere skoalle sjoernalistyk oan de universiteit fan Fordham. Dêrnei gong er nei it Amerikaansk Teater Konservatorium, lykwols hâlde hy dêr al gau mei op om wurk te sykjen as akteur. Syn earste grutte rol wie yn Carbon Copy (1981), mar by it grutte publyk waard er foaral bekend troch syn rol yn de sikehûssearje St. Elsewhere, dêr't hy tusken 1982 en 1988 yn 25 ôfleverings meispile.

Denzel Washington wûn twa Oskars foar de films Training Day en Glory en waard nominearre foar syn rollen yn Cry Freedom, The Hurricane en Malcolm X.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]