Springe nei ynhâld

Deipau-eagen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Deipauëachen)

De Deipau-eagen (Inachis) foarmen foarhinne in skaai yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae). Tsjintwurdich is de namme Inachis yn ûnbrûk rekke, en wurdt ornearre dat dit skaai by it skaai fan de foskes (Aglais) heart. Der wie mar ien soarte yn it skaai Inachis, de deipau-each (Inachis io, no Agalais io).

Carolus Linnaeus hie de Deipau-each yn 1758 beskreaun as Papilio Io, yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae, mar Jacob Hübner yntrodusearre yn 1819 it aparte skaai fan de Deipau-eagen (Inachis).

  • Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
    • Skaai: Deipau-eagen (Inachis - no by Aglais)