Deipau-each

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Deipau-each
Each1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymhalidae)
soarte
Inachis io

De Deipau-each (Inachis io) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae)

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Deipau-each is ien fan de meast algemiene oerdeiflinters yn Nederlân. Dit hat wierskynlik net altyd sa west. Snellen (1867) skriuwt dat deipau-eagen by sommige flechten sjoen wurde, mar soms ek inkele jierren nét. Yn de rin fan de tweintichste ieu waard it ferspriedingsgebiet útwreide en hjoed-de-dei is de soarte in tige algemiene stânflinter dy't oeral sjoen wurdt. De Deipau-each is in swermlustige soarte.

Op de reade list stiet de soarte as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is werom te kennen oan de opfallende eachplakken dy't op de boppekant fan de wjukken sitte. De wjuklingte is 24-31 mm. De flinter oerwinteret op fochtige en frisse plakken yn beammen en gebouwen.

De fleantiid: juny - winter - juny. Fleant soms in twa generaasjes.

Rûpen fan de Deipau-each.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin 40 mm lang wurde. It liif is bedutsen mei swarte en wite stipkes. Ek de toarns dy't op de kop sitte binne swart. Jonge rûpen libje yn groepen yn spinselnêsten. De folwoeksen rûp libbet allinnich. De rûp groeit yn de foarsimmer en yn geunstige jierren ek in de simmer en neisimmer. It popstadium duorret likernôch trije wike.

De rûp fret fan de Grutte Brânnettel op fochtige en skadige plakken.

Taksonomy[bewurkje seksje | edit source]

Each2.jpg

De Deipau-each is de ienichste soarte yn it skaai fan de Deipau-eagen. Resint ûndersyk jout oan dat de soarte mûglik net yn in apart skaai hoecht, mar ta de Foskes (Aglais) rekkene wurde kin.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | edit source]