De Burd (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It eilân De Burd leit east fan Grou. Noardwestlik wurdt it eilân begrinze troch it Prinses Margrietkanaal, oan de westkant troch de Pikmar, oan de súdkant troch de Wide Ie en yn it easten troch De Greft.

De Burd is in eilân beëasten it doarp Grou wêr't it fan skieden is troch it Prinses Margrietkanaal. It eilân wie oarspronklik noch wat grutter, mar de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal hat it westlike diel fan it eilân "ôfsnien". Hjirop is no kemping Yn 'e Lyte fêstige. Dit diel is ferbûn troch in brêge mei it doarp Grou. De Burd is berikber mei de Fearpont de Burd dy't ferkear fan de kempingside oer it Prinses Margrietkanaal set nei De Burd. De skiednis fan de fearpont is tagelyk in diel fan de resinte skiednis fan it eilân De Burd.

It sleattepatroan op in grut diel fan it eilân bestiet al sûnt de 15e ieu. Fan dizze tiid ôf hie it eilân altyd in agraryske funksje. Yn de 20e ieu is dizze funksje pas útwreide troch de bou fan in grut tal rekreaasjewenten, en it oanlizzen fan wenboaten (benammen oan de súd- en westside). Oan de ein fan de 20e ieu is in grut stik fan de grûn oerdien oan It Fryske Gea dat agrarysk behear tastiet dat rjochte is op greidefûgels. Undanks it behear nimt de greidefûgelstân de lêste jierren ôf.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen