De Brêge (Ids Willemsma)

Ut Wikipedy
De Brêge (Ids Willemsma)
keunstwurk
De Brêge
De Brêge
bysûnderheden
jier 1999
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Schoonoord
lokaasje N376 oer it Oranjekanaal

De Brêge is in keunstwurk oer it Oranjekanaal yn Schoonoord fan keunstner Ids Willemsma.

De brêge waard boud by gelegenheid fan de rekonstruksje fan de dyk fan Sleen nei Rolde. Boppe-yn de brêge binne twa omtrekken fan in boat. De boppeste boat is de ûnderkant fan in turfpream foar, de ûnderste foarm is it skaad fan de farrende pream. De skeane steanders ferbyldzje de trochsneed fan it Oranjekanaal op dit plak troch it Sleener Dún. It Sleener Dún wie de beneaming fan dit plak op de Rolderrêch, foardat Schoonoord as doarp yn 1854 ûntstie. De nije brêge oer it Oranjekanaal waard folle letter boud as de rekonstruksje fan de wei. De brêge foarmet de ferbining tusken de beide kanten fan it Oranjekanaal. It byld waard yn 1999 oankocht foar de destiidske gemeente Sleen troch de provinsje Drinte, de Grontmij en sponsors.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: