De Boskske Skoalle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
St. Martinustsjerke te Gennep

De Boske Skoalle wie in tradysjonalistyske streaming yn de Nederlânske arsjitektuer, dy't basearre wie op getalsmjittige ferhâldingen en dy't fral tapast waard yn de katolike tsjerkebou. De streaming ûntstie út de Delftse Skoalle.

De namme fan dizze streaming is ûntliend oan de 3-jierrige kursus Tsjerklike Arsjitektuer dy't yn it tiidrek fan de Weropbou tusken 1946 en 1973 yn it Krûthûs te De Bosk jûn waard. De oplieding moast arsjitekten begeliede by de tsjerklike weropbou. Dom Hans van der Laan, syn broer Nico van der Laan en C. Pouderoyen wiene de dosinten.

[bewurkje seksje] Skaaimerken

In wichtich skaaimerk fan de Boske Skoalle wie de sobere foarmjouwing fan de gebouwen. De ferhâldings waarden foaral troch it saneamde plastyske getal bepaald. Der waard gebrûk makke fan beton, bakstien en hout, dy't nammentlik de tradysjonele boumaterialen yn Nederlân binne, sa't moarmer dat yn Itaalje is.

De tsjerken binne faak trijeboekige basiliken, foarmjûn neffens betiid-kristlike tsjerken yn Itaalje. De tuorren dogge ek faak tinken oan de campaniles (klokketuorren) yn it noarden fan Itaalje. Yn de twadde helte fan de 20e ieu waarden sa in tal tsjerken, kleasters, wenten en stedhûzen yn Nederlân yn dizze styl delsetten. Troch it ôfnimmen fan de tsjerkegong wurde in oantal fan dizze gebouwen mei sloop bedrige.

De Boske Skoalle wie de lêste faze yn de Nederlânske tsjerklike arsjitektuertradysje. As der dêrnei noch katolike tsjerken boud waarden, hat men hieltyd faker keazen foar funksjonele arsjitektuer en net mear foar spesjalisearre arsjitekten.

[bewurkje seksje] Arsjitekten

Inkele arsjitekten fan de Boske Skoalle wiene:

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen