De Panne

Ut Wikipedy
De Panne wie yn 2008 foar Egbert en Janke Borger-de Boer

De priis De Panne wurdt alle jierren keazen troch de befolking fan De Harkema. De priis is foar Harrekiten dy't har tige fertsjinstlik makke hawwe foar it doarp. De Panne wurdt altiten útrikt op de jiergearkomst fan Pleatslik Belang yn maart. Faak binne de winners aktyf as frijwilliger op in breed flak, mar wurde harren aktiviteiten ekstra foar it fuotljocht helle:

Jier Winner foar en ek foar
2019
2018 Hennie Pultrum-Schievink
2017 Tieke van der Bij
2016 Siem Weening temapark De Spitkeet
2015 Joop Bekkema kuorbal, pleatslik belang
2014 Foekje Roorda boade en klaaister by begraffenisferiening Memento Mori
2013 Dick Alma
2012 Auke Nicolai
2011
2010 Antje Nicolai-de Haas Roemeenje tsjerke en begraffenisferiening
2009 Wierd- en Aukje Kooistra-v.d. Bosch Fiskklup fuotbalferiening Harkema-De Pein
2008 Egbert- en Janke Borger-de Boer Doarpsblêd De Harkema begraffenisferiening
2007 Jille– en Roelie Kooistra-Wielsma Tsjerke Roemeenje
2006 Frans Nicolai en Durk Dam muzyk en Ekspo gemeenteried en handikapten
2005 Auke Nicolai en Gepke Jagersma help by drinkeling rêden
2004 Pieter de Haan en Albert van der Veen beide fuotbalferienings frijwilligerswurk

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: