DITO

Ut Wikipedy

DITO (Door Inspanning Tot Ontspanning) is in toanielferiening út Tsjalbert.

Yn de jierren tachtich fan de 19e iuw riisden de resitearkolleezjes en toanielferienings op it plattelân as poddestuollen op út de grûn. Yn 1885 waard DITO oprjochte. Fan doe ôf koenen ek froulju lid wurde. Tusken de Hollânske stikken troch waard sa no en dan in Frysk stik spile. Letter waarden oer it generaal Fryske stikken spile doe't der mear yn it Frysk skreaun waard.

Eartiids wien der in soad earnstige stikken, yn de 21e iuw binne it meast blijspullen. Yn 2010 waard it 125 jierrich bestean fierd mei fjouwer programearre foarstellingen yn fjouwer etabliseminten, folge troch in resepsje. Jûns wie der feest yn kafee De Streek en spile DITO "Anny út Amsterdam", in ienakter dy't fyftich jier dêrfoar ek ris spile wie.