DC++
Ut Wikipedy
DC++ is in iepen-boarne, brûker-oan-brûker en triemmediel kliïntprogramma, dêr't minsken spul fan ynlade kinne. It kliïntprogramma jout trije mooglikheden. De earste is it ynladen út in iepen-boarne (Ingelsk, Open Source). Ek kin it programma de brûker direkt mei in oare brûker yn ferbining bringe (peer-to-peer), of de brûker kin triemmediele mei oare kompjûterders (file sharing). Se kinne der bygelyks nije stjoerprogramma's (drivers) ynlade, allinnich meastal folle flugger as fanôf in gewoan webstee.
Der binne fan DC++ in soad websteeën ôflaat, lykas BCDC++, rmDC en noch folle mear.
DC++ stiet ek bekend om it feit dat der ek in soad minsken yllegale spullen ynlade lykas nije films, kompjûterspultsjes ensfh.