Corbin Bleu

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Corbin Bleu yn Florida

Corbin Bleu, berne as Corbin Reivers, (Brooklyn, 21 febrewaris 1989) is in Amerikaans akteur, model, dûnser en sjonger.

Hy waard berne yn Brooklyn as soan fan de Jamaikaansk-Amerikaanske akteur David Reivers en in Italjaansk-Amerikaanske mem.

Bleu is ûnder mear bekend fan syn rollen yn Catch That Kid, High School Musical, Jump In!, High School Musical 2 en de tillevyzjesearje Flight 29 Down. Dêrneist spile hy ek yn Hannah Montana mei, en ek yn High School Musical 3.

Yn de film High School Musical spilet hy Chad Danforth. Yn dizze musical-film sjongt hy:

  • Get'ya head in the game
  • Stick to the status quo
  • We're all in this together

Yn High School Musical 2 spilet hy Chad Danforth, en sjongt hy:

  • What time is it?(summertime)
  • Work this out
  • I don't dance
  • All for one

Yn Flight 29 Down spilet hy Nathan; ien fan de populêrste jonges fan in skoalklasse wêrfan it fleantúch delstoart. Tegearre mei 9 oare minsken bedarje hja op in ûnbewenne eilân, dêr't se troch de tiid besykje te kommen.

Foar de film Jump In hat Corbin in eigen fideoklip makke dy't Push It To The Limit hjit.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]