Conrad Schumann

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De strjitte wêr't Schumann op wacht stie en hy oer it stikeltried hinne sprong.

Hans Conrad Schumann (Leutewitz, 28 maart 1942 – Oberemmendorf (Kipfenberg), 20 juny 1998) wie ein fan de earsten dy’t nei de bou fan de Berliner Muorre ûntsnapte nei it westen. De foto fan syn sprong oer in stik stikeltried is ien fan de meast ferneamde foto’s fan de Kâlde Kriich.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Schumann waard berne yn Leutewitz, dat no in part is fan Riesa, Saksen. Hy waard soldaat by de East-Dútske Bereitschaftspolizei. Nei trije moannen trenen yn Dresden waard hy by in ûnderoffisiersskoalle yn Potsdam ynsetten. Dêrnei melde hy him frijwillich foar de tsjinst yn Berlyn.

Op 15 augustus 1961 bewekke hy de Berliner Muorre, dy't sûnt twa dagen boud waard, by de krusing tusken de Ruppiner Straße en de Bernauer Straße. Op dit plak wie de Muorre noch net mear as in stikeltried. In stik as wat minsken oan de westkante fan de Muorre raasden nei him “Kom rüber!” (kom hjir), Schumann sprong dêrop oer it stikeltried, noch yn syn sprong die hy syn masinepistoal ôf, hy rûn troch nei in polysje-auto tsien meter fierderop dy’t mei iepen doar klear stie.

De Mauerspringer.

Peter Leibing, in fotograaf, makke in foto fan it stuit dat Schumann oer it stikeltried sprong. De foto waard sketten mei in Exacta-kamera mei in 200-mm-objektyf. It byld fan Schumann dy’t oer it stikeltried springt waard wrâldferneamd. Fan likernôch it selde stânpunt waard ek in fideo-opname makke.

Nei syn flecht nei it westen bedarre Schumann yn Gúnzberg yn Bayern. Dêr kaam hy yn de kunde fan Kunigunde, de frou wêr’t hy letter mei trouwe soe. Hy kaam oan it wurk by Audi yn Ingolstadt.

Nei de fal fan de Berliner Muorre sei Schumann: “Allinnich sûnt 9 novimber 1989 (de dei dat de Muorre foel) fiel ik mei wier frij.” Hy fielde him mear thús yn Bayern as yn syn berteplak, dat hie ûnder oare te krijen mei de reaksjes fan syn eardere kollegaas. Hy wie benaud foar de minsken fan de Stasi. Schumann twifele sels oer at hy syn âlden en syn broers en susters opsykje moast yn Saksen. Hy hat nei syn sprong te lijen hân fan depresjes, en op 20 juny 1998 hat hy himsels fan kant makke, hy ferhinge himsels yn syn tún yn de omkriten fan Kipfenberg yn Oerbayern.

Flakby it plak dêr’t Schumann oer de Muorre sprong stiet no in byld, de Mauerspringer (Muorrespringer), makke troch Florian en Michael Bauer en Edward Anders.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]