Springe nei ynhâld

Bysketoerbrêge

Ut Wikipedy

De Bysketoerbrêge of Byskestegebrêge (Offisjeel: Biesketorenbrug) is in lyts fêst brechje oer de Stêdsgrêft (Lytssân) yn 'e binnenstêd fan Snits.

It brechje is in ferbining tusken de beide siden fan it Lytssân (Snits). It leit oan de iene ein fan de Bysketoerstege, dat der is sa ek in ferbining fan dy stege nei de Stokfiskstege skean der tsjinoer. Fierder de stêd yn is de Bokkensbrêge; fierder nei bûten leit de Jousterpiip.

Grif hat de romte yn it ferline wat grutter west. Der hat al lang in brêge op dit stee lein, mar yn 1908 waard der in J.P. Hogendijk-wipbrêge yn lein. Skynber wie dêr doe noch de romte foar. Dy brêge hat dêr lein oant 1966, oant de hjoededeiske fêste platte brêge oanlein waard.[1]

Yn 2017 is de namme fan de brêge troch de gemeente fêstlein as "Biesketorenbrug". De namme is eins in ferwizing nei de Bysketoerstege dy't der op oanslút, mar de fêstleine foarm ferwiist yn stee dêrfan nei de Bysketoer, dy't no krekt oan de oare ein fan de stege stie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sneek, su het ut weest! - Alice Booij: https://www.facebook.com/groups/Sneeksuhetutweest/permalink/2136624909694026/