Bynia State

Ut Wikipedy

Bynia State is in stedswyk fan de stêd Harns. De nijsbrief fan de wykferiening hjit De Molenwiek.

Alle strjitten yn de wyk binne neamd nei moles dy't ea yn of om Harns stienen. As lêste mole fan Harns ferdwûn op befel fan de Dútsers De Bazuin út Harns. Oan de Boalserter Feart moatte yn it ferline wol tsien moles stien hawwe. De gemeenterie bepaalde dat de strjitten yn Bynia State nei dy moles neamd wurde moasten. Om betizing te foarkommen waarden de nammen wolris wat oanpast. Sa waard De Swarte Moolen ta Zwarte Molen, Noordsche Hingst ta De Hingst en 't Fortuin waard De Fortuin.

Op de hoeke fan De Java en De Eendracht is in letter weromfûne molestien fan De Standvastigheid ferwurke yn in monumint. Yn it Kanadeeske Bayfield (Ontario) is mole De Arend hielendal neiboud. Dizze mole is yn de tachtiger jierren boud troch de yn de fyftiger jierren emigrearde bruorren Folkert en Auke de Jong, neisiten fan in bekende moolnersfamylje. De molen waard Folmar neamd, as gearfoeging fan de nammen Folkert en syn frou Mary.

Op de side fan Bynia State stiet ynformaasje oer de moles: De Bazuin, De Eendracht, Noordsche Hingst, 't Fortuin, De Hoop, Java, De Liuw, De Phoenix, Standvastigheid, De Falk, De Frede, De Swarte Moolen en De Zeemunnik .

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]