Brêgeklasse

Ut Wikipedy

In brêgeklasse is yn it Nederlânsk ûnderwiisstelsel de earste klasse dêr't learlingen yn komme as se fan 'e basisskoalle nei de middelbere skoalle geane. Om 'e oergong fan basisûnderwiis nei fuortset ûnderwiis sa goed mooglik ferrinne te litten, wurdt yn in brêgeklasse faak in protte útlis jûn oer hoe't de learlingen it bêste de lesstof leare kinne. Soks bart faak yn in spesjale stúdzjeles. Bern dy't yn in brêgeklasse sitte, wurde troch middelbere-skoallelearlingen út 'e hegere klassen yn it Nederlânsk faak mei in beskaat dedain oantsjut as "brugpiepers".

As begryp is de brêgeklasse definiëarre yn 'e saneamde Mammoetwet fan 1968, mar as systeem waard er al foar dy tiid tapast. De term 'brêge' hat yn dit ferbân te krijen mei de oerbrêgingsperioade tusken de ûnderskate learnivo's binnen it fuortset ûnderwiis. Der besteane nammentlik in protte skoallen dy't sawol VMBO (de âlde MAVO en LTS), HAVO as VWO oanbiede. Sokke skoallen wurde ornaris skoallemienskippen neamd. Yn 'e brêgeklasse fan sa'n skoalle kin in learling dan noch alle kanten út, ôfhinklik fan syn kapasiteiten. Ek bestiet gauris de mooglikheid om it earste jier op in kombinearre nivo te learen; gebrûklike kombinaasjes binne dêrby VMBO/HAVO en HAVO/VWO. De bedoeling dêrfan is dat de learling in idee kriget fan beide learnivo's, sadat hy of sy makliker in definitive kar meitsje kin.

Pas by de oergong fan 'e brêgeklasse nei de folgjende klasse fan it fuortset ûnderwiis hoecht in learling dan te kiezen foar in definityf learnivo. Dêrnjonken is it yn 'e regel ek mooglik om troch te streamen nei in oare oplieding, as bliken docht dat by better by kapasiteiten fan 'e learling past. Guon skoallemienskippen biede in twa- of sels trijejierrige brêgeklasse oan, om it tiidstip fan 'e definitive kar mar sa lang mooglik op te skowen. (Soks niget wat nei it systeem fan 'e middelskoalle, dat yn in protte oare lannen bestiet, lykas de Feriene Steaten.) Oare skoallen mei mear as ien learnivo biede hielendal gjin brêgeklasse oan, sadat de kar yn 'e earste klasse daliks definityf wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: