Boran (ko)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Borankeppel yn Kenya

De Boran is in populêr fleiskoweras yn East-Afrika. It ras is ûntstien yn Kenya út de lânseigen Sebû, mei koarte hoarnen, fan it Borana-folk út it suden fan Etioopje. Boran binne meast wyt-griis, mar bollen binne donkerder (somtiids benei swart). Sy lykje in protte op de Amerikaanske Brahman, omdat sy ek ôfstamje fan de kij fan de westkust fan Yndia, allinne barde dat al folle earder. Meidat sy al goed tûzen jier yn Afrika tahâlde, hawwe sy har goed oanpast oan de pleatslike omstannichheden en parasiten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]