Bolsjojteater

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bolsjojteater
De grutte seal mei hielendal rjochts: de Keninklike Lôzje

It Bolsjojteater is in teater yn Moskou, dêr't foarstellings fan spullen, ballet en opera plak hawwe.

It earste Bolsjoj stie der yn 1780, mar baarnde yn 1805 ôf. Yn 1825 stie de opfolger der, nei in ûntwerp fan Osip Bowe en Andrej Michailow. Dat gebou bliek yn 1853 ek net brânbestendich, mar de rekonstruksje fan Albert Kavos yn 1856 waard de essinsje fan it gebou behâlden en de akkûstyk ferbettere. It byld fan Apollo mei syn fjouwerspan boppe de yngong bleau ek bewarre. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it teater skânsearre troch in bom, mar de skea waard fuortendaalks ferholpen.

Ferdield oer 6 rangen en 120 lôzjes, jout de grutte seal plak oan 2500 besikers. Achter de kûlissen is wurk foar 700 minsken. Op it stuit binne der gjin foarstellings yn it Bolsjojteater; it gebou wurdt restaurearre, omdat it heal op ynstoarten stie. De restauraasje sil sa'n 3 jier duorje, yn 2008 moat de weriepening plakfine. De kosten bedrage tusken de 700 miljoen en 1 miljard euro.

Wichtige premjêres wiene "La Voyavoda and Mazeppa" fan Tsjaikowsky en Rachmaninoff's "Aleko en Francesca da Rimini". Ek "De Swannemar" fan Tsjaikowsky en "Spartakus" binne yn it teater opfierd.