Bollefjochtsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In bolle yn de arena mei "banderillas" yn 'e bealich

Bollefjochtsje is in folksfermaak yn lannen lykas Spanje, (Súd-)Frankryk, Portugal en Latynsk-Amearika. Leafhawwers hjirfan beneame dit fermeits mear as keunst dan as spul of fermaak, wylst it troch tsjinstanners as barbaarsk omskreaun wurdt. Yn it Spaansk wurde ferskate beneamings brûkt foar bollefjochtsjen, nammentlik: tauromaquia, corrida of toreo.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It bollefjochtsjen is basearre op ieuwenâlde tradysjes dy't út de Romeinske tiid stamje. Destiids waarden gauris gefjochten hâlden mei bollen yn de arena's dy't rûnom yn it hiele Romeinske ryk stiene en dêr't it publyk der nei sjen koe. Yn de 5e ieu wie it befjochtsjen fan bollen yn it gebiet dat letter Spanje wurde soe, ferwurden ta in ritueel dêr't jonge manlju harren lef toane koenen. Troch de Moaren waard letter it befjochtsjen fan bollen fan hynders ôf yntrodusearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]