Boartersseal

Ut Wikipedy

In berneseal of berneboartersplak wie in plak dêr 't bern tusken twa en fjouwer jier in oantal oeren wyks ûnder deskundich tafersjoch ferbliuwe kinne yn in spesjaal dêrfoar ynrjochte romte.

Neidat yn de sechtiger jierren in oantal krèsjes oprjochte wie op basis fan sosjale en/of politike motiven, groeide yn de jierren santich it ynsjoch dat it by elkoar bringen fan jonge bern yn in pear oeren wyks fan rutte betsjutting wêze koe. Sosjale, reative en taalûntwikkeling soenen stimulearre wurde kinne. Dêrby waard útgien fan it stânpunt dat it jonge bern it grutste part fan de dei en de wike yn de buert en ûnder tafersjoch fan de mem heart te wêzen. Dit foarme it grutste ferskil tusken de berneseal en de krèsj, dêr 't de bern langer op in dei en meardere dagen fan de wike hinne gean.

Neidat yn de stêden inkele pjutteboarterssealen stifte wienen groeide it oantal ta ± 60 yn 1974, wêrfan in soad yn plattelânsdoarpen. Troch it ûntbrekken fan wetlike regelingen oangeande de pjutteboartersplakken wie oprjochting, behear en finansiering ôfhinklik fan partikulier inisjatyf. Meardere gemeentes ferlienden steun yn de foarm fan ynsidintele subsydzjes en it beskikberstellen fan romtes. Yn de measte pjutteboartersplakken wurde oan de liedsters easken steld oangeande oplieding en bekwaamheid. Utsein de ûntwikkeling fan it bern krijt ek troch ynskeakeling en begelieding fan âlden, it funksjonearjen fan de húshâlding omtinken yn guon pjutteboartersplakken.

De Stichting Fryske Bernesintra hâldt har dwaande mei kwaliteitsferbettering fan de pjutteboartersplakken wylst stribbe wurdt nei in bettere reglemintearring.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: