Boarnstee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Boarnstee is in útwreidingswyk oan de eastkant fan Akkrum by Nes, oanlein ein 20e ieu. De measte fan de 360 wenningen lizze oan it wetter. Der wenje Akkrumers oan de oare kant fan it spoar, as minsken fandûten Akkrum.

De Boarn is hjir omlein, oan de noardkant leit it Leppe Akwadukt oer de fjouwerbaansdyk A 32. De Boarn rûn eartiids lâns de wettertoer fan Nes, fia de Sylsbrêge en dan nei it noarden. Dêr leit no in daam, en fierderop is de Boarn hielendal tichtsmiten.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels