Blauwe Hoanskrobber

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blauwe Hoanskrobber
Wow2 filtered.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
Famylje: Haukeftigen (Accipitridae)
soarte
Circus cyaneus
ûnfolgroeid mantsje
Foarkommen as: jierfûgel (donkergrien), simmergast (ljochtgrien) en wintergast (blau)

De Blauwe Hoanskrobber, (Circus cyaneus) is in fûgel út de famylje fan de Haukeftigen.


Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Hoanskrobber wurdt yn it frysk ek wol aaifretter as blauwe falk neamd.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Hoanskrobber is mei in grutte fan sa'n 43 sm (manstje) oant 51 (wyfke) dúdlik lytser en behindiger as de Brune Hoanskrobber. De wjukspanwiidte is sa'n 105 sm. De mantsjes waage in 300-400 gram, de wyfkes binne mei 410-710 gram in stik swierder. Mantsjes en wyfkes sjogge der ek hiel ferskillend út. It wyfke is brun en hat ek yn de flecht sichtbere wite boppesturtfearren. Om't sy in bulte liket op it wyfke fan de Skiere en de Steppehoanskrobber is se allinne troch bedreaune fûgelders te underskieden. It mantsje sjocht der fanút de fierte felblau út, se hawwe dúdlik swarte wjukpunten. Fan tichtby is de rêch griis, kop en boarst binne donker griisblau. De jonge fûgels binne brun.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Blauwe Hoanskrobber komt yn hiel Jeropa en in grut part fan Aazje foar. Wol is it sa dat harren libbensgebiet bot troch de it brûken fan de minsken bot achterút giet. De fûgels hâlde fan iepen gebieten sa as heide en foaral sompen mei grutte reitfjilden. Yn Noard-Amearika komt ek in besibbe soart foar. De Blauwe Hoanskrobber is in seldsume briedfûgel yn Nederlân. It soarte hat in oantal briedplakken op de Waadeilannen, yn de Oostvaardersplassen en tige ferspraat yn it noarden fan Nederlân, yn totaal yn 2000 heechút 100 pear.

Fiedsel[bewurkje seksje | edit source]

De haadproai is it knyn, mar sjongfûgels en mûzen binne ek wichtige fiedselboarnen.

Fuortplanting en status as beskerme soarte[bewurkje seksje | edit source]

De blauwe hoanskrobber hat syn nêst op de grûn. Faak yn hege fegetaasje dy't beskerming biede moat tsjin de foks. It wyfke leit ein april as maaie fjouwer oant seis aaien. De aaien wurde om de twa dagen lein. De aaien wurde yn 29-31 dagen troch it wyfke útbredt. It mantsje soarget foar it iten dat troch it wyfke oannaam wurdt troch in mantsje in lyts stikje yn de mjitte te fleanen en de proai oer te nimmen. Neidat de jongen útkaam binne duorret it noch 37 dagen foar't se fleane kinne. Ek dêrnei bliuwe se faak noch in skoftsje by it nêst yn de buert. It oantal briedpearen yn Nederlân sakket sterk sûnt 1993. De fûgelsoarte, hoewol ynternasjonaal gjin bedrige soarte, stiet dêrom as gefoelich op de Nederlânske reade list.

Oerwinterders[bewurkje seksje | edit source]

Yn de winter komme Skandinavyske blauwe hoanskrobbers Fryslân binnen om te oerwinterjen. Se jeie hjir dan op fjildmûzen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Circus cyaneus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.