Bjist

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bjist of kolostrum is de earste molke dy't foarme wurdt nei de berte fan in jong sûchdier. Bjist is tsjokker en gieler as gewoane molke en befettet in botte ôfwearstoffen. In sûchdierjong hat kreklyn berne is hat noch gjin ôfwear en hat dus ferlet fan bjist. 75% fan bjistaaiwyt bestiet út immunoglobulines en albumines. Dizze grutte aaiwytketens kinne ornaris net troch de termwand hinne, mar yn de earste 24 oant 36 libbensoeren stiet dizze noch iepen foar dizze stoffen. Troch it hegere gehalte oan sâlt yn'e bjist wurdt de wurking fan de termen befoardere. Ek befettet de bjist mear fetten, dy't it krek berne bist ferlet fan hat foar enerzjy, fitamine A en karoteen. Yn de eraste 24 oeren is bjist it rykst oan ôfwearstoffen, wêrnei it stadichoan ôfnimt ta gewoane molke.

Kowebjist[bewurkje seksje | edit source]

Bjist fan in ko wurdt ek wol brûkt foar minsklike konsumpsje. Der kin brij, fla fan makke wurde en kin ek brûkt wurde foar it meitsjen fan pankoeken yn plak fan molke. Bjist moat prottelje, dus krekt net siede. It moat stadichoan waarm makke wurde en mei net siede en te hyt wurde, want oars begjint it te klonterich te wurden. It moat alang it prottelt in soad rierd wurde. Nei in skoftke wurdt de bjist tsjok en by it ôfkuoljen moat der ek rierd wurde. Bjist kin mei sûker of bak iten wurde.