Bjirken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blanke Bjirk.

Bjirken (Betula) binne in skaai fan beammen út de Bjirkefamylje (Betulaceae). De beammen fan dit skaai komme ferspraat oer it hiele noardlik healrûn foar. Hja binne tige winterhurd sadat se ek op Grienlân en Yslân te finen binne. Bjirken binne pioniersplanten.

Skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

In skaaimerk fan Bjirken is it yn horizontale bannen ôfblêdzjen fan de bast op de stam. De nije bast is somtiden wyt, mar kin ek read of brún wêze, dat hinget fan it soarte ôf.

De manlike bloeiwize fan Bjirken hat giele, hingjende rûpfoarmige katsjes, dy't al foar de winter oanwêzich binne. De steande froulike blomkes ûnder oan de manlike blommen binne bedutsen fan knopskobben. De frucht is in lyts dûbelwjukkich nútsje.

Bjirken hawwe foar en wilens it útrinnen fan de blêden in tige sterke sopstream. Dêrom kinne se allinnich by't hjerst en winter snoeid wurde oars kinne se letterlik ferbliedzje by grutte wûnen.

Groeiplak[bewurkje seksje | edit source]

Bjirken meie graach oer sompige grûn, mar binne fierders net sinnich dat hja komt yn alle fermiddens en op alle grûnsoarten foar. Uterst yn it noarden, bygelyks yn de tûndra, en tsjin de beammegrins oan bliuwt er lyts en wurdt faak in krûpende strûk. Yn dy kriten is de Dwerchbjirk (Betula nana) ien fan de lêste beammen dy't noch tsjin de fûle kjeld en hurde wyn opwaakse kin.

Yn Nederlân binne allinnich de Blanke Bjirk en de Sêfte Bjirk lânseigen.

Symbioaze[bewurkje seksje | edit source]

Bjirken libje yn symbioaze mei boaiemskimmels en moatte dêrom mei in grutte klute ferplante wurde. Oant trije jier âld kinne sy noch sûnder klute ferplante wurde. Ien fan dizze skimmels is de Miggeswam dy't yn in sirkel om de beam waakst.

Sykten en pleagen[bewurkje seksje | edit source]

Bjirken kinne oantaast wurde troch Blêdrost (Melampsoridium betulinum) dat giele plakjes op de blêden en betiid ôffallen fan de blêden jout.

In oare skimmel waakst yn de bast en driuwt de bjirk ta it meitsjen fan in protte twigen. Bjirken hawwe dêrom somtiden grouwe tûkebosken dy't op fûgelnesten lykje. Gewoanwei wurde dy heksebiezems of -nêsten neamd.

De Bjirkeswam (Piptoporus betulinus) komt allinne op bjirken foar.

De Bjirkewants sûget assimilaten út it floeem op; ek de jongen (nimfen) libje fan dit plantesop.

De bjirk kin ek oantaast wurde fan kanker.

Hout[bewurkje seksje | edit source]

Bjirkehout is wyt oant ljocht kleurd en wurdt brûkt foar finear, meubels en modelfleanmasinebou.

Etymology[bewurkje seksje | edit source]

It wurd "bjirk" is ôflaat fan it Aldyndyske wurd bharg dat glânzjend betsjut en dat te krijen hawwe koe mei de wite bast. Betula hat te krijen mei it Keltyske wurd betu dat slaan betsjut en ferbân hâldt mei it slaan mei bjirketûken op het lichem nei in sauna, om de bloedsomrin te stimulearjen.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

In beheinde klassifikaasje fan de soarten, ûndersoarten en fars fan de Bjirken: