BibTeX

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
BibTeX

BibTeX is programmatuer (Ingelsk:software) om literatuerlisten oan te lizzen en te brûken binnen LaTeX-dokuminten.

BibTeX is makke troch Oren Patashnik en Leslie Lamport yn 1985.

Middels BibTeX kin men yn in LaTeX-dokumint referinsjes oanhelje om automatysk in literatuerlist yn it dokumint te setten. Mei ferskillende bibliografy-stilen kin men de lay-out fan de referinsjes yn de tekst en fan de literatuerlist tige fluch en konsekwint feroarje.

Dokumintsoarten[bewurkje seksje | edit source]

BibTeX ûnderskiedt ferskate dokumintsoarten. Ofhinklik fan it dokuminttype wurdt bepaald hokker fjilden ynfold wurde moatte. Sa hat in artikel yn in wittenskiplik tiidskrift in volume en in number, wylst in boek in publisher hat.

Yn de tabel hjirûnder wurde de dokumintsoarten neamd, mei harren ferplichte fjilden. Neist de ferplichte fjilden, hawwe de soarten ek faak in oantal opsjonele fjilden.

Dokumintsoarte Beskriuwing Ferplichte fjilden
article Artikel yn in wittenskiplik tiidskrift author, title, journal, year
book In boek mei in útjouwer author/editor, title, publisher, year
booklet In bondele wurk sûnder útjouwer title
conference Ferfongen troch inproceedings
inbook Diel fan in boek, bygelyks in haadstik author/editor, title, chapter/pages, publisher, year
incollection Diel fan in boek mei eigen titel author, title, booktitle, publisher, year
inproceedings Artikel yn in konferinsjebondel author, title, booktitle, year
manual Technyske hantlieding title
mastersthesis Ofstudearferslach author, title, school, year
misc Alles wat net yn in oar type past Neat
phdthesis Dissertaasje author, title, school, year
proceedings Konferinsjebondel title, year
techreport Undersyksrapport troch in ynstitút author, title, institution, year
unpublished Net formeel publisearre author, title, note
(Bron: LaTeX, A Document Preparation System, Leslie Lamport, 1994.)

Utwikseljen fan BibTeX-entries[bewurkje seksje | edit source]

Der besteane ferskillende manieren om BibTeX-entries (de BibTeX-beskriuwing fan in dokumint) út te wikseljen. Sa jout Citeseer by elk dokumint de BibTeX-beskriuwing. Ek besteane der peer-to-peer-útwikseltsjinsten foar BibTeX-entries, lykas Bibster.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]