Berjocht oerlis:Ynfoboks museum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goeie. Kinne jo ek in kleur útsykje dy't in býtsje dûnkerder is? Want dizze kleur griis is yn myn browser eins net fan wyt te ûnderskieden. Is it ek in idee om alle ynfoboksen oer bouwurken deselde kleur te jaan? Of fine jo dat neat? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 nov 2022, 12.20 (CET)[beäntwurdzje]

Sa wat better? RomkeHoekstra (oerlis) 8 nov 2022, 12.23 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is in dúdlike ferbettering, ja. Tankjewol. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 nov 2022, 12.47 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Goeie. Ik haw noch in pear lemma's ynfoege dy't ik yn 'e ynfoboks miste: histoaryske namme, wurkmêd, oprjochter. Ik haw dêrby it lemma "stifting" omneamd ta "oprjochting", om't ik dat even gelyk meitsje woe oan "oprjochter" (dat fûn ik moaier klinken as "stifter"). Fierders myn kompliminten, want de ynfoboks wie moai ûntwurpen en alles stiet op in logyske fochoarder. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 nov 2022, 14.37 (CET)[beäntwurdzje]

Poerbêst, guon wiki's neame ek noch de namme fan de direkteur fan it museum yn de ynfoboks. Mar dat wikselt en mei ús lytse groepke kin wy dat min byhâlde. Dat dy ha't der mar net by dien. Gr.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 nov 2022, 09.16 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat is yndie net te dwaan, en earlik sein fyn ik it ek net sa ynteressant. Itselde jildt foar it lemma boargemaster yn 'e ynfoboks Stêd. It hat gjin sin om soks yn te foljen, want it is samar efter de tiid. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 nov 2022, 12.41 (CET)[beäntwurdzje]