Berjocht oerlis:Ynfoboks eilân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wurket net.[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk:@Kneppelfreed: Wolle ien fan jim hjir eefkes nei sjen? Der sit wat fout, mar ik kom der net efter wat. Ik tocht juster lit mar eefkes gewurde, ik sjoch der moarn wol wer nei en miskien dat ik it dan fuort sjoch, mar dat is net sa. Yn 't foar tank! RomkeHoekstra (oerlis) 24 okt 2023, 16.46 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: It wie in lyts dinkje: Jo neamden de ynfoboks yn it stik dat op 'e artikelsiden plakt wurde moast "Universele ynfoboks eilân", mar as jo nei de titel fan dizze berjochtsside sjogge, komt dêr it wurd "universele" net foar. As de namme net persiis itselde is, kin de ynfoboks yn it artikel dizze berjochtsside net fine. Ik tink dat ik jo hjirmei neat nijs fertel, jo sille der grif oerhinne lêzen hawwe. Makket neat út, ik haw sels ek wolris soks hân. Neffens my wurket it spul no wer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 okt 2023, 00.12 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Ik socht it hieltiten by de kopkes en yn 't lêst sjogge jo it net mear. Tige tank.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 okt 2023, 08.26 (CEST)[beäntwurdzje]