Berchske kraaier

Ut Wikipedy

De Berchske kraaier, ek wol bekend as de "Berchkraaier" of "Kraaier fan Elberfeld", is it âldste hinneras fan Dútslân. Genetisk heart er by de famylje fan it Hollânsk hin, de Assendelfter en it Fryske hin. Der bestiet ek in krielfoarm. Karakteristyk is syn lange kraaien, dat oant 15 sekonden duorje kin.

Tekening fan Jean Bungartz, 1885
De typyske kraai

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oerlevering waarden de âffaars fan de Berchske kraaier yn de Midsiuwen út de Balkan nei Dútslân brocht. Dizze teory wurdt stipe troch genetisk ûndersyk, dat de besibbens tusken de Berchske kraaiers en hinnerassen út de Balkan sjen lit. Neffens in oare teory leit de oarsprong fan de Berchske kraaier by Spaanske hinnerassen, dy troch Spaanske muontsen ynfierd waarden.

Jonge hoanne by in kraaiwedstriid

Berchske kraaiers dy troch Dútske ymmigranten yn Brazilië ynfierd waarden, wiene letter wer de âffaars fan de Braziljaanske kraaier, de "galo músico".

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berchske kraaiers hawwe in langstrekte en hege foarm mei in tal kaam, witte earlapkes en laaiblaue poaten. Typysk is de nei boppe wulfde rêch en de justjes flakke sturt. It typyske fearrepatroan, de saneamde "Dobbelung", is de sterkste foarm fan fearrebeseaming. Dizze tekening komt inkeld by de Berchske kraaier en de Berchske hingelkaam foar. De iennige offisjele kleurfariant is swart-goud-brún-dûbeld.

Teelt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seldsumheid fan it ras makke, dat it ras yn de kategory "heechst bedrige" falt. De teelt fan de Berchske kraaiers yn Dútslân, dêr't likernôch 35 telers aktyf binne, wurdt dêrom troch de Vereinigung der Züchter Bergischer Hühnerrassen begelaat. Boppedat wurdt in stamboek ynfierd om alle yn Dútslân libjende Berchske kraaiers te registrearjen. Om de skaaimerken fan it ras te behâlden, wurdt yn Dútslân alle jierren in kraaiwedstriid organisearre, wêr't de kraaidoer de wichtigste rol spilet. Yn Nederlân beheart de Nederlânske spesjaalclub foar Dútske Hinnerassen it ras.

Krielkraaiers

Keppelings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]