Springe nei ynhâld

Batumi

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Batûm)
Batumi
Flagge Wapen
Polityk
Lân Georgje
Steat Autonome Republyk Adzjaarje
Gemeente
Sifers
Ynwennertal 152.839 (2014)
Oerflak 64,9 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.355,0 / km² (2014)
Stêdekloft (2014)
Hichte 2-3 m
Oar
Stifting 8e iuw f.Kr.; stêd 1866
Tiidsône UTC+4
Simmertiid Koördinaten=
Webside Offisjeel webstee
Kaart fan Adzjaarje

Batumi (Georgysk: ბათუმი) is in havenstêd oan 'e Swarte See yn súdwestlik Georgje. It is de haadstêd fan de Autonome Republyk Adzjaarje, dy't yn it súdwesten fan Georgje leit. De 152.839 ynwenners fertsjinje harren jild benammen yn de oalje-yndustry, skipsbou, agro-yndustry, lichte yndustry en toerisme.

Yn de Aldheid hawwe de Griken de koloanje Batis stiften. Sûnt de 11e iuw is de stêd bekend om syn fersterkings en sûnt de midsiuwen makket it part út fan Georgje. Foardat de stêd yn 1878 yn Russyske hannen kaam, hearde it sûnt de 16e iuw by it Ottomaanske ryk. Om dy reden binne de measte ynwenners fan Batumi en Adzjaarje islamitysk, yn tsjinstelling ta de measte oare ynwenners fan Georgje, dy't kristlik binne. Yn de tiid fan Stalin waard de moslimbefolking ûnderdrukt. Josef Stalin sels wenne yn 1901 in skoftke yn de havenstêd om stakings te organisearjen. It Stalin-museum bringt dy tiid noch yn it ûnthâld.

Batumi leit yn in regio mei in subtropysk klimaat, en is om dy reden útfierhaven fan sitrusfruchten, tee, tabak en hazzenuten. De stêd is it einpunt fan de Transkaukazyske spoarline en fan de Bakoe-oalje-piipline. De oalje wurdt oerpompt yn boaten dy't dêrmei rjochting Midslânske See farre. Guon oalje wurdt earst bewurke yn de raffinaderijen.

Yn de stêd stiet it parlemint fan de Autonome Republyk Adzjaarje. De 30 leden wurde om 'e 5 jier ferkeazen. Fan 1991, nei it útienfallen fan de USSR, oant 2004 hie it parlemint mar te harkjen nei de lieder fan Adzjaarje, Aslan Abasjidze. Abasjidze hie in haat-leafde ferhâlding mei de eks-presidint fan Georgje, Eduard Sjeverdnadze en ek mei de nije presidint, Saakasvili, bûtere it net. Troch driging mei militêr yngripen troch it regear fan Saakasvily en massa-betôgings tsjin syn belied, pykte Abasjidze út nei syn freon, de boargemaster fan Moskou, yn maaie 2004.