Basilica minor
In basilica minor (lytsere basilyk) is sûnt de 18e iuw in bysûndere status foar in roomske tsjerke, dy't troch de paus jûn wurdt. De titel jout in sterke bining fan in yndividueel tsjerkegebou mei de biskop fan Rome oan. Tagelyk hat in basilyk yn de omkriten ek in hegere betsjutting.
De gebouwen en flaggen fan in basilica minor kinne de krúste kaaien drage, sa't dy op it wapen fan de paus te sjen binne. De giel-read streepte parasol (it conopeum), dy't oarspronklik de preester by prosesjes beskermje moast, en it tintinnabulum, in liturgyske klok, binne as symboalen fan in basilica minor net mear ferplichte. Se steane meastentiids opsteld yn it preesterkoer.
It proses om de titel fan in basilica minor te ferlienen wurdt hjoed-de-dei benammen troch de Acta Domus ecclesiae de titulo basilicae minoris fan de Kongregaasje foar de Earetsjinst en de Sakramintsoarder fan 9 novimber 1989 regele. Oan de ferliening fan de titel wurde beskate easken steld. Sa moat de tsjerke regelmjittich iepen wêze foar de eare- en bychttsjinst en sawol de personele besetting as de ynrjochting moatte geskikt wêze neffens de fernijde liturgyske easken, sa't dy troch Rome foarskreaun wurde.
Op it stuit binne der likernôch 1.800 basilike tsjerken (stân 31 desimber 2017: 1.766), dêrfan 571 yn Itaalje. Fral beafeartstsjerken wurdt de titel ferliend. In basilica minor is te werkennen oan in skyld mei it pauslike wapen boppe of by it portaal. Fan in noch hegere rang is de titel fan Basilica maior. Dy titel is tsjintwurdich foarbeholden oan fjouwer tsjerken yn Rome.[1]
De earste Fryske basilica minor stiet yn Boalsert. Sûnt 28 maaie 2017 draacht de Sint-Fransiskusbasilyk dêr de titel.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilica minor
|