Basa fan Israel
Basa († 877 f.Kr.) wie de tredde kening fan it keninkryk Israel. Syn regear foel tusken 900 en 877 f.Kr.
Neffens it Alde Testamint wie Basa in soan fan Achía út de stam Issakar. Hy waard kening troch syn foargonger Nadab te deadzjen, op in momint dat Israel de Filistynske stêd Gibbeton belegere. Nei't Basa de macht grypt hie, liet hy de hiele famylje fan syn foargonger útroegje.[1]
Basa hie oanhâldend kriich mei kening Asa fan Juda en tidens syn 23-jierrich regear ferbûn Basa Israel mei Syrje. Hy foel it súdlike keninkryk Juda oan en boude de stêd Rama yn Benjamin út ta in fêsting om sa de ôf- en oanfierwegen fan Juda ôf te snijen. Kening Asa fan Juda helle doe al it goud en sulver út syn paleis en de timpel en wist hjirmei de Syryske kening Benhadad om te keapjen en oan syn kant te krijen.
No't de kening fan Syrje it bûn mei Israel ferbriek en de side fan Juda keas, feroaren de ferhâldings. Juda en Syrje foelen de stêden fan Israel oan en feroveren grutte gebieten yn it noardwestlike diel fan it Mar fan Galileä. Ek de stêd Rama moast Basa opjaan. Asa liet de fersterkings fan Rama ôfbrekke en mei it frijkommen boumaterjaal de stêden Geba-yn-Benjamin en Mispa befêstigje.[2]
De profeet Jehû foarsei dat de dynasty fan Basa net bliuwend wie. De opfolger fan Basa wie syn soan Ela. Ela waard fermoarde troch Simry, dy't nei it gripen fan de macht it hiele neiteam fan Basa útroege.[3]
Kening Basa waard nei syn ferstjerren by syn foarfaars yn de residinsjestêd Tirza begroeven.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |