Bart Jan Spruyt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bastian Jan (Bart Jan) Spruyt (Ridderkerk, 29 jannewaris 1964) is in Nederlânsk skiedkundige, sjoernalist, kollumnist, publisist en rjochts-konservatyf tinker. Hy oriëntearret him foaral op it konservatisme en wol dit yn de Nederlânske mienskip ferspriede.

Spruyt studearre skiednis oan de Universiteit Utert en promovearre yn 1996 oan de Universiteit Leien op in tsjerkehistoarysk ûnderwurp, nammentlik in proefskrift oer Cornelis Hoen in jurist en protestant út de 16de ieu, dy't in wurk skreau oer it Hillich Jûnsmiel. Spruyt is belidend kristen, lid fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • De oorlog achter de oorlog, 1995
  • Lof van het conservatisme, 2003
  • De toekomst van de stad, 2005
  • Als je eenmaal hebt liefgehad. Over ds. J.T. Doornenbal, geloof, cultuur en politiek, 2009