Bảo Đại

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bao Dai)
Bảo Đại regearre fan 8 jannewaris 1926 - 30 augustus 1945
N.B.: Dit is in Fjetnameeske namme. De famyljenamme is Nguyễn, de middelnamme is Phúc, en de foarnamme is Vĩnh Thụy. Utsûnderingsgefallen bûten beskôging litten, is it wizânsje om lju mei in Fjetnameeske namme oan te tsjutten mei de foarnamme.

Bảo Đại (ek wol op in ferienfâldige wize stavere as Bao Dai, berne as Nguyễn Phúc Vĩnh Thụy; Hue, 22 oktober 1913Parys, 30 july 1997) wie de opfolger fan Khải Định en de 13e en lêste keizer fan de Nguyễn-dynasty yn Fjetnam, in dynasty dy't begûn wie mei keizer Gia Long yn 1802. Bảo Đại waard kroane yn 1926 doe't er tolve wie. Hy soe lykwols net regeare oant 1932. Yn de Twadde Wrâldkriich wurke er gear mei de Japanners. Op 11 maart 1945 rôp er de ûnôfhinklikens fan it Keizerryk Fjetnam út nei't Japan stipe tasein hie. Op 23 augustus 1945 joech er de troan oer en waard tydlik lid fan de Fjetminh fan Ho Chi Minh. Hy libbe dêrnei yn Hongkong en Frankryk. Yn 1949 waard er wer troch de Frânsen as presidint ynstallearre. By de ferkiezings fan 1955 waard er ferslein troch Ngô Đình Diệm. Sûnt wenne er yn Frankryk.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emperor Bảo Đại fan Wikimedia Commons.