Bûdisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In Bûdabyld op Lantau eilân yn Hongkong.

It Bûdisme is in godstsjinst mei oanhingers oer de hiele wrâld. De religy is yn de 6e ieu f. Kr. stifte troch Siddharta Gautama, better bekend as de Bûda. Wichtige skaaimerken fan it Boedisme binne it leauwen yn reynkarnaasje (werberte), it respekt foar alle libjene wêzens, de meditaasje, de wei nei ferljochting en de ôfwêzigens fan in persoanlike god.

It Paad fan Bûda[bewurkje seksje | edit source]

Neffens it bûdisme sit in minsk finzen yn in sirkel fan dea en werberte (samsara). Oan dit kommen en gean fan libbens kin allinich in ein komme troch in libben fan meditaasje, it opdwaan fan selskennis en it loslitten fan al it ierdske. Hjirtroch berikt in bûdist in allegeduerigen steat fan Ferljochting (nirvana). It berikken hjirfan is it libbensdoel fan in Bûdist. Mar omdat it paad nei de Ferljochting in lange wei wêze kin, hawwe de measte minsken meardere libbens nedich. Soks kin as minske, mar ek as dier. Dêrom sil in bûdist ek gjin libjende wêzens deadzje. Immen dy't sûnder help yn syn libben de steat fan ferljochting berikket hyt in bûda. Dè Bûda wurdt beskôge as de resintste fan in lange rige fan boedas, dy't yn it fiere ferline begûn is en oant yn de fiere takomst fierder gean sil.

Yn it paad dat in Bûdist folget is gjin plak foar in persoanlike god, lykas yn it Kristendom. Wol binne der Bûdisten dy't yn it bestean fan geastlike wêzens leauwe dy't oer boppeminsklike krêften beskikke. Rûchwei wurde dizze ûnderferdield yn 'goede' en 'kweade' geasten. Guon bûdisten ferearje de geasten troch it geregeld bringen fan lytse offers, soms yn de foarm fan iten, soms troch it fêsthâlden oan taboes.

Streamings[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Bûdisme binne ferskate streamings. Hjirûnder steane de wichtigste: