Aydın (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aydın
03 Inebolu2005 0804 133337a(AydinTiryaki).JPG
Sifers
Ynwennertal 195.951 (2012)
Oerflak 627 km²
Befolkingstichtens 410/ km²(distrikt)
Stêdekloft 259.786 (distrikt)
Hichte 67 m
Polityk
Lân Turkije
Regio Egeyske See-regio
Provinsje Aydın
Boargemaster Özlem Çerçioğlu (CHP)
Oar
Tiidsône UTC+2
*Simmertiid UTC+3
Webside www.aydin.bel.tr

Aydın (Gryksk: Αϊδίνιο) is de haadstêd fan de provinsje Aydın yn it westen fan Turkije. De stêd leit 80 km fan de Egeyske See ôf yn de delling fan de rivier de Meänder.

De stêd hjitte yn de Aldheid Tralles (ek wol Tralleis) neffens Güzelhisar en waard letter nei de Anatolyske Turkske Beylik fan Aydınoğlu ferneamd, dy't dêr yn de 14e ieu master wie.

Aydin hat altiid in wichtige stêd west. Om reden fan syn fruchtbere grûn hat de stêd fanâlds op lânbou rjochte west. Yn de Romeinske tiid lei Aydin oan de hannelsrûte tusken Efeze en Anatoalje. Nei de Turkske tiid sloegen de Aydinogullari dêr foar master op, ien fan de meast wichtige Turkske stammen. De stêd hie doe syn 'gouden ieu'.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]