Springe nei ynhâld

Antoon Anne van Andringa de Kempenaer

Ut Wikipedy
Antoon Anne van Andringa de Kempenaer

Jonkhear Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (De Lemmer, 3 desimber 1777 - De Haach, 13 juny 1825) wie de soan fan Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer, lândrost (dws. gûverneur) fan Fryslân yn de Frânske tiid.

Antoon Anne van Andringa de Kempenaer waard berne út it earste earste houlik fan syn heit mei Judith Elisabeth d' Arnaud (1756-1780). Doe't syn heit lid fan it Wetjouwend lichem waard, wist dizze him 1 oktober 1802 beneamd te krijen ta ien fan de 14 drosten yn Fryslân, en wol yn it 5e drostamt, besteande út Utingeradiel, Haskerlân, Sleat, Doanjewerstâl en Lemsterlân, al wie dat in rjochterlike betrekking en wie hy gjin master yn de rjochten. Op 24 febrewaris 1806, doe't Fryslân yn 15 drostamten ferdield waard (allinnich de 7 gruttere stêden wienen fan dizze ferdieling útsûndere), waard hy drost yn it 13e drostamt, besteande út Sleat en de beide lêstneamde gritenijen. Hy wenne op De Lemmer. Doe't de lândrosten en kertierdrosten 8 maaie 1807 ynfierd waarden, waard de titel fan de Kempenaer yn baljuw feroare.

Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1816)

Doe't de rjochterlike organisaasje yn 1811 op Frânske wize dien waard, waard hy frederjochter yn it kanton De Lemmer. Boppedat waard hy lid fan de "consefl général" fan it departemint Frise, wylst hy de arrondissemintsried fan Snits yn 1813 foarsiet. Nei de befrijing waard hy 29 augustus 1814 troch de soevereine foarst beneamd ta lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de eigenierden fan Lemsterlân en 2 oktober 1814 ta lid fan Deputearre Steaten. Mar nei de feriening mei de súdlike Nederlannen waard hy by keninklik beslút fan 1 septimber 1815 ta lid fan de Twadde Keamer beneamd en joech hy dy betrekkingen dus op. Hy waard as keamerlid meardere kearen werkeazen, yn july 1824 mei lytse mearderheid. Op 29 juny 1816 waard hy as grytman fan Lemsterlân beneamd. Yn 1816 waard hy yn de adelstân ferheft.

Hy skreau Memorie over den vrijen graanhandel in de Nederlanden, De Haach 1824. Hy boaske yn oktober 1798 Anna Maria Catharina Alberda van Ekenstein (18 maart 1779 - 22 septimber 1854, by wa't hy 8 soannen en 4 dochters hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: