Antoine Dieu

Ut Wikipedy

Antoine Dieu (Parys, 1662 - dêre, 12 april 1727) wie in Frânske keunstskilder. Hy wie in soan fan Edouard Dieu, in graveur, dy't yn 1703 yn Parys stoar. Hy krige les fan Le Brun en skildere histoaryske ûnderwerpen en portretten yn de styl fan syn master. De Hartoch fan Boergondië foar de Kening en It Houlik fan de Hertog van Bourgondië binne yn it Museum fan Versailles te sjen, mar syn bêste wurk is it portret fan Loadewyk XIV op syn Troan, dêr't in gravuere fan makke waard troch Nicolas Arnoult.

Antoine Dieu krige yn 1686 yn Rome in earste priis foar syn wurk yn it ramt fan it tema Yntocht fan Noach, syn famylje en de bisten yn 'e arke (ferdwûn). Hy wie fan 1686 oant 1691 yn Rome yn de Filla Medici.

Dieu waard yn 1722 opnommen yn de Akademy en stoar yn 1727 yn Parys. Syn bruorren, Jean Dieu en Jean Baptiste Dieu, wiene graveurs; de earste waard om 1658 hinne berne en stoar yn 1714 yn Parys.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ut: Bryan, Michael (1886). "Dieu, Antoine". Yn Graves, Robert Edmund (ed.). Bryan's Dictionary of Painters and Engravers (A–K). Vol. I (3rd ed.). Londen: George Bell & Sons.