Anna Bijns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Anna Bijns (Antwerpen, 1493 - 1575) wie in dichteresse út de oergongstiid tusken midsieuwen en renêssânse.

Hja bleau net-troud en joech les op in Antwerpske skoalle. Wyls wie de reformaasje yn folle gong, in ûntwikkeling dy't Anna fel ôfwisde. Gedichtebondels fan har hân kamen út yn 1528, 1548 en 1567. Dêryn keart se har fûleindich tsjin de lutheranen, dy't se as ôfgryslike ketters beskôge.

Rederikerspoëzij[bewurkje seksje | edit source]

Titelblêd fan Refereinen, 1528

Har werk fertoant in soad trekken fan de rederikerspoëzij en ta dy rederikers wurdt se dan ek rekkene. Al hienen de rederikers meast in drok selskipslibben, Anna Bijns hat har as frou nea by in rederikerskeamer oanslute mocht. Lidmaatskip wie allinnich tastien foar manlju.

De "refereinen" (gedichten) dy't se skreau, fertoane in grut masterskip fan de foarm. Yn ûndersteand fragmint út Dit sijn de miraculen die Luther doet falle de kenmerken fan rederikerspoëzij waar te nimmen:

Luther werct wondere, ic bens orcondere. (tsjûge)
Dat (wat) hier voortijts recht was, maekt hij nu crom;
Duecht heet hij sonde, ende ooc bijsondere (deugd neamt hy sûnde)
Wijse geleerde mannen maect hij dom.

De brûkte stylfiguer is bedoeld om de pointe te ûnderstreekjen: troch de irony (krekt it omkearde fan wat hja bedoelde) wurdt it stânpunt fan de dichteresse krekt beklamme, en dat stânpunt is: Luther syn opponinten binne wiswol wiis en geleard. Luther pervertearret de wierheid. Irony is in soad brûkt ynstrumint by de Rederikers.

Ek yn de foarm binne rederikerseleminten werom te kennen: it binnenrym yn de earste rigel: wondere — orcondere, en de wurdboarterij sonde — bijsondere yn de tredde. As lêste toane de tsjinstellings voortijts — nu, recht — crom, wijse — dom grote, en neidruklike, oandacht foar it wurdspul.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]