Amoer (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It streamgebiet fan de Amoer

De Amoer (Russysk: река Аму́р, Sineesk: 黑龙江, Heilong Jiang, Mantsjoesk: Sahaliyan Ula) is in rivier yn it easten fan Aazje. Wat lingte oangiet is de Amoer de op acht nei grutste fan de wrâld en fjirde fan Ruslân. De rivier foarmet sûnt it Ferdrach fan Aigun út 1858 foar in part de grins tusken it easten fan Ruslân en de Sineeske regio Mantsjoerije.

Yn âlde teksten wurde beide siden fan de Amoer ek wol oantsjutte as Binnen-Mantsjoerije (ten suden fan de rivier) en Bûten-Mantsjoerije of Russysk Mantsjoerije (ten noarden fan de rivier). De Russyske oblast Amoer ten noarden en de Sineeske provinsje Heilongjiang ten suden fan de rivier binne nei de Amoer ferneamd.

Ynhâld

Namme yn ferskillende talen [bewurkje seksje]

Rin [bewurkje seksje]

De Amoer ûntstiet út de noardlike rivier de Sjilka, dy't har boarnen yn it Hentigeberchtme hat yn Mongoalje en de súdlike rivier de Argoen, dy't ûntspringt yn it Grutte Hinggangeberchtme yn it noardeasten fan Sina en de grinsrivier foarmet tusken Ruslân en Sina ten westen fan de Amoer. Beide rivieren komme byelkoar om de Amoer te formjen by it Sineesk doarpke Moguhe yn de provinsje Heilongjiang. De rivier streamt ferfolgens eastwaarts troch in farieare lânskip fan woastinen, steppe, toendra en taiga yn de rjochting fan de Grutte Oseaankust. Wat te súdwesten fan de Russyske stêd Nikolajevsk streamt de rivier fia har mûning, de Amoerske liman, yn de Strjitte fan Nevelskoj, part fan de Tatarensont, dy't it eilân Sachalin skiedet fan de fêstewâl. De Tatarensont stiet fuort yn ferbining mei de See fan Ochotsk noardlik derfan en de Japanske See súdlik derfan.

De wichtichste syrivieren binne de Zeja, Boereja, Amgoen, Songhua, Toengoeska, Oessoeri en de Anjoej. Fia de zsyrivier Oechta is sy ferbûn mei de Oedylmar.

As de syrivier de Onon fan de Sjilka meirekkene wurdt, hat it riviersysteem fan de Amoer in lingte fan goed 4000 kilometer.

Steden [bewurkje seksje]

Oan de Amoer lizzen de folgjende steden:

Sina [bewurkje seksje]

Ruslân [bewurkje seksje]

Sjoch ek [bewurkje seksje]