Allaert van Everdingen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De geskutjitterij Julita Bruk fan de famylje Trip.
Bosk mei wettermûne, 1650.

Allaert van Everdingen, ek Aldert Pietersz. fan Everdingen neamd (doopt Alkmar, 18 juny 1617 - begroeven Amsterdam, 8 novimber 1675), wie in Nederlânsk keunstskilder, bekend fan syn lânskippen, en grafikus (etser). Hy wie de broer fan de skilder Caesar Boetius fan Everdingen.

[bewurkje seksje] Libben

Fan Everdingen wie learling fan Roelant Savery yn Utert. Hy reizge yn 1640 nei Sweden en gong doe't er werom wie yn 1645 yn de lear by Pieter de Molijn yn Haarlim, dêr't er him ek ta wenjen sette. Yn 1657 ferhuze er nei Amsterdam.

[bewurkje seksje] Wurk

Krektas Jacob van Ruisdael wie Van Everdingen bekend as skilder fan wetterfallen en behindige boskgesichten.

Yn Kopenhagen hingje fiif wetterfallen fan Van Everdingen. Ién is datearre 1647, in oare 1649. In de Hermitage yn St Petersburch is in skilderij út 1647 en yn de Alte Pinakothek yn München íén út 1656.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons-logo.svg
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as [[Commons:|]] en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen