Springe nei ynhâld

Alfred Nobel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alfred Bernhard Nobel)
Alfred Nobel
Alfred Bernhard Nobel (foar 1896)
Alfred Bernhard Nobel (foar 1896)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alfred Bernhard Nobel
nasjonaliteit Sweedsk
berne 21 oktober 1833
berteplak Stockholm
stoarn 10 desimber 1896
stjerplak San Remo flagge fan Itaalje
wurkpaad
berop/amt skiekundige,
yndustrieel
reden
  bekendheid
útfiner fan it dynamyt

Alfred Bernhard Nobel (Stokholm, 21 oktober 1833 - San Remo (Itaalje), 10 desimber 1896), wie in Sweedsk skiekundige en yndustrieel.

Hy stiet bekend as útfiner fan it dynamyt yn 1867, mar hat ek oare eksplosiven útfûn en makke. Hy fertsjinne mei de produksje dêrfan en mei in oaljekonsesje in grouwelich kaptaal jild.

It gemysk elemint Nobelium is nei him ferneamd. Nobel syn namme is fierder noch te finen yn bedriuwsnammen, lykas Nobel Industries, dat letter opgie yn it AkzoNobelkonsern.

Hy bepaalde by testamint dat fan de rinte fan dat kaptaal fan ûngefear 32 miljoen Sweedske kroanen alle jierren fiif Nobelprizen útrikt wurde moasten. Dêrfoar waard de Nobelstifting oprjochte. Yn syn wilsbeskikking stiet dat de prizen bedoeld binne foar "harren dy't yn it ôfrûne jier oan it minskdom grut nut ferskaft hawwe".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Nobelpriis
Alfred NobelSweedske Sintrale Bank
Karolinska YnstitútSweedske Akademy fan WittenskippenSweedske AkademyNoarsk Nobelkomitee
FredeFysiology of GenêskundeLiteratuerNatuerkundeSkiekunde
(Ekonomy)
· · Berjocht bewurkje