Alexander Kielland

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alexander Kielland

Alexander Lange Kielland (Stavanger, 18 febrewaris 1849 - Bergen, 6 april 1906) wie in Noarsk skriuwer dy't mei Henrik Ibsen, Jonas Lie en Bjørnstjerne Bjørnson rekkene wurdt ta de Grutte fjouwer fan de Noarske literatuer.

Kielland kaam út in begoedige keapmanshûshâlding. Sels soe er him it lot fan de earmen syn hiele libben oanlûke, hoewol't er direkteur fan in stienfabryk wie en net wist wat earmoed wie. As direkteur behannele er syn arbeiders goed. Syn wurk wie tige realistysk. Om 1890 hinne joech er de skriuwerij deroan en sette útein mei in twadde karriêre yn de polityk. Hy waard earst boargemaster fan Stavanger en letter Fylkesmann fan de provinsje Møre og Romsdal.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Koarte ferhalen[bewurkje seksje | edit source]

  • Novelletter, 1879
  • Nye novelletter, 1880
  • To Novelletter fra Danmark, 1882

Romans[bewurkje seksje | edit source]

  • Garman & Worse, 1880 -
  • Arbeidsfolk, 1881
  • Else, 1881
  • Skipper Worse, 1882
  • Gift, 1883
  • Fortuna, 1884
  • Sne, 1886
  • Sankt Hans Fest, 1887
  • Jacob, 1891

Toanielstikken[bewurkje seksje | edit source]

  • Paa Hjemvejen, 1878
  • Hans Majestæts Foged, 1880
  • Det hele er Ingenting, 1880
  • Tre par, 1886
  • Bettys Formynder, 1887
  • Professoren, 1888

Essays[bewurkje seksje | edit source]

  • Forsvarssagen, 1890
  • Menneker og Dyr, 1891
  • Omkring Napoleon, 1905