Alderman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In âlderman wie in steedlik funksjonaris. In oarkunde (nei alle gedachten 13e ieu) (Lübecker Urkundenbuch I, 162) giet út fan 'aldermannus, consules et cives van Liwerd'.

Yn de 15e ieu titel fan steedlike haadlingen, sûnder fêst omskreaune posysje. Dy fan de Jongama's te Snits wurdt 1479 oan in fêst plak as skepen of ried keppele. Yn de tiid fan Karel V trede yn de measte stêden de grytman fan de omlizzende gritenijen as âlderman op, blykber nammens it sintrale gesach. Letter noch in titel by de ambachtsgilden (deken).

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels